U bevindt zich hier: teksten > fryske gedichtsjes en teksten

FRYSKE TEKSTEN

 

Bliid en grutsk binne wei mei de berte
fan ús jonkje en myn brourke

Tankber en bliid binne wy mei de berte fan...



OER BESITE

Diel mei ús dit grutte lok,
kom gau om in poppeslok!

Foar besite graach efkes belje.



FRYSKE GEDICHTSJES

Pakes, beppes, freonen, sibben
yn it widske leit nij libben.
Wy wolle it fan de dakken roppe:
wy ha in lytse, leave poppe!

Noch stil fan't bertewûnder
Sjogge wy nei ús berntsje, sa bysûnder
Dat syn|har libben wêze mei as de sinne
Mei waarmte, lok en leafde om him|har hinne

Hjir ha wy lang op wachte einlings is it dan sa fier.
It lytse wûnder yn it widske
en dyn namme op papier.

Foar de wrâld bisto och sa lyts
foar ús bisto… de wrâld!

Ut ús
fan ús
en dochs
sa fansels
dysels

Do bist noch nij op ierde
do bist hjir noch mar krekt
en no hast fan dy ierde
al in stikje yn ’e sinne set

Sa as de sinne de blommen kleuret
Sa kleurje bern it libben

Al hiel oeral litte wy jim witte
dat yn ús widske fan reid
op ’e nij in lyts wûnderke leit.

Sa fier as de moanne en werom
Sa mâl binne wy mei ús jonkje|famke

Hoe lyts as ik ek bin,
ûnskuldich en ûnbedoarn,
mei 'Namme' as
grutte broer|sus, doar ik
it libben wol oan.

Dêr bist dan. Sa lyts, sa leaf.
In berntsje fan ús tegearre.
Wat binn’ wy wiis mei dy

Hjir binne hast gjin wurden foar.
Hjir kinst allinnich mar stil nei sjen.
Dit is sa leaf en tear,
sa hiel bysûnder;
dit is in wûnder!

Der sille hannen wêze dy’t dy drage
en earms dêrst feilich yn bist.
En minsken dy’t sûnder te freegjen
sizze datst wolkom bist.

Berne út leafde
kostberder as goud
in leaf lyts famke|jonkje
oan ús tabetroud

In nij libben
in grut wûnder
út leafde berne
oan ús tabetroud.

Dyn mem hat reade wangen
dyn heit springt yn ‘e loft
dyn beppe is út de skroeven
dyn pake dy hâldt skoft.
Dyn broerke rint te sjongen
dyn suske laket blier
do bist ús nije poppe
einlings is ‘t sa fier!

In wûnder yn ‘e widze
te moai om wier te wêzen,
lekkentsjes mei kant,
reade wyn yn glêzen.
Wy sjogge ús de eagen út
wol tûzen kear opnij
do bist ús eigen berntsje
wat binn’ wy wiis mei dy.

In glimke fan in ingel
naamst út de himel mei
in tûfke rôze wolken,
in moaie maitiidsdei.
In sulverwite fûgel
in gouden sinnestriel,
hantsjes om te aaien
twa wankjes fan fluwiel.

Doest noch neare wiest
dreamden we al fan dy.
In bern fan ús tegearre
de hiele wrâld waard nij!

Yn elke earm in bern
4 hantsjes - 4 fuotsjes
alles der op en der oan!
Dit is in mirakel,
dit is net gewoan!

Nosto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
nei dy te sjen.

Do bist sa moai
sa leaf
sa lyts.

Sokke leave hantsjes
dyn fingerkes
sykje om hâldfêst.

Nosto berne bist
kinne wy mar net ophâlde
fan dy te hâlden.

Sa no en dan
fljocht der in ingeltsje
nei de ierde.
De wolken binne rôze
it gêrs is blau,
oeral sweve ballonnen, oeral.
De hiele wide wrâld
leit iepen...

Teksten

 

Hier vindt u enkele voorbeelden van teksten die op geboortekaartjes gebruikt kunnen worden. Via onderstaande ‘knoppen’ kunt u snel naar de gewenste voorbeeldteksten gaan.